Blue Flower

Familiewapen Wymenga

 

    • Dield:
    • I: de Fryske earn;
    • II: trochsnien:
    • a: yn read in ôfsniene tûke mei delhingjende ikel, lofts in ikeblêd en rjochts in sprút, alles fan goud;
    • b: yn sulver trije griene klavers, 2 en 1.
    • Helmteken: in útkommende tûke fan it skyld, mar grien en mei de ikel omheech.
    • Dekkleden: read en goud.

 

Neiteam fan Roel Jans (Garyp 1675 - 1756).
Op de grêfstien fan syn dochter Mincke (Tytsjerk 1756) komt it wapen foar sûnder de iketûke en mei de klavers pealsgewiis. De tafoeging is ûntliend oan it wapen fan Gerke Ubles, assessor fan Achtkarspelen, omke fan Roel syn frou Maeike Binnes, as segel op in keapakte fan 1705 yn it Ryksarchyf (tsjintwurdich part fan Tresoar) yn Fryslân.
De kombinaesje is makke troch de ynstjûrder, dy't ek de kleuren ûntwurpen hat (1967), mei advys fan drs. K.M. van der Kooi.
Ynstjûrder: dr. J.H. Wymenga to Drachten